Methode
De 4 natuerkwaliteiten binne in metoade dy't ik brûk yn de behanneling.
It jout ynsicht yn dyn patroanen en klachten. Eltsenien hat in bepaald patroan dat him bliuwend werhellet. Dit hast mei krigen yn de opfieding of troch in bepaalde barren dat ynfloed hân hat op dy as persoan. Dy patroanen kinne sykteferoarsakjend wêze, wat liedt ta klachten.
Mei in holistyske blik op de minske en syn klachten besykje ik de fjouwer natuerkwaliteiten (waarm, kâld, focht, droech) dy't by elkenien oanwêzich binne, wer mear yn balâns te bringen. De organen stypje ik mei fytoterapy, mar ek mei fieding, Bachbloesems, lichemsoanrjochte terapy en libbensstyladvizen kin ik ynsette om derfoar te soargjen datsto fan dyn klachten ôfkomt (sjoch mear ynformaasje dêr oer op de spesifike side behannelingen).
Yn it earste konsultaasje (1,5-2 oere) hawwe wy it oer dyn resinte klacht(en) en freegje ik noch mear om in folslein byld te krijen fan dy as persoan. De sterkte fan de organen kin ik ôfnimme oan hokker soarte klachtensto ûnderfine; ek kin ik ynformaasje helje út it gesicht/lichem en út de iris. Nei it petear stel ik in behannelplan op dat ik dy toestjoer en dat wy by it twadde konsultaasje besprekke. It behannelplan is op maat makke foar dy; it hinget ôf fan dyn klacht, de sterkte fan dyn organen en hokker natuerkwaliteiten mear oanwêzich wêze meie.
Fanôf it twadde konsultaasje duorje de ôfspraken sawat 60 minuten.
Behannelingen
Natuerfieding
''Let food me your medicine''
Goede (orthomolekulêre) fieding is essinsjeel foar ús sûnens.
It is ús brânstof en bouwstof om troch te libjen. Yn de natuergeneeskunde hat fieding dan ek in grutte betsjutting; in sûne basis kin al in soad yn beweging bringe. Dêrneist set ik fieding yn as medisyn.
Ofhinklik fan dyn klacht, de sterkte fan dyn organen en natuerkwaliteit, brûk ik fieding om dy te stypjen. It fiedingsadvys is hiel presys op maat foar dy makke. Wat foar de ien sûn wêze kin, kin foar de oar sykteferoarsakjend wêze. It is ús taak om tegearre te sjen wat by dy past en wat út te fieren is.
Fytoterapie
''Sometimes the best medicines grows from weeds''
Fytoterapy wurdt ek wol krûdtherapy neamd.
It is in behanneling wêryn krûden brûkt wurde (bygelyks as tee of tinctuer) dy't hielendal by dy passe. It soarget derfoar dat de organen stipe en/of aktivearre wurde om ôfvalstoffen ôf te skuorren sûnder de organen te belêstjen.
Dêrneist sitte der ek krûden yn dy't by dyn klacht passe, en ik hâld rekken mei de natuerkwaliteiten. De therapy kin yn de foarm fan tee wêze, mar meastal brûk ik in tinctuer. In tinctuer is in ekstrakt fan krûden yn alkohol datsto ynnimst yn in glês wetter.
Lichemsoanrjochte therapy
Luister naar het fluisteren van je lijf zodat het niet hoeft te schreeuwen''
Massages, pakkingen (fan klei, kwark, lijnzaad), wikkels, foetebaden, visualisaasje-oefeningen, grûningsoefeningen, ademhalingsoefeningen, hydroterapy, cupping en reflexology binne allegear ûnderdielen fan lichemsoanrjochte terapy.
Ofhinklik fan dyn klacht set ik ien of in kombinaasje fan dizze behannelingen yn. Yn de praktyk leg ik út wat it krekt docht en hoe’tsto it eventueel thús tapasse kinst.
Neist de behannelingen doch ik ek oan gesichts- en lichemdiagnose. Ik kin ynformaasje helje út dyn gesicht, dyn hâlding en ik sjoch nei de reflexsônes. Dit nim ik mei yn myn diagnostyske fynsten. Tidens de behanneling nim ik ek myn yntuysje mei, dêr’t ik soms ynformaasje fan dy útpik; dat sil ik ek nei de behanneling mei dy bespreke.
Bachbloesemtherapy
''Bloom your own way, every flower has it's own magic''
Bachbloesemtherapy is ûntwikkele troch Dr. Bach.
Hy hat 38 ferskillende bloesems útsnien dy't in positive ynfloed hawwe op negative gemoedstoestannen of emosjes. Dit kin bygelyks brûkt wurde by angst, ûnwissichheid, wurgens, iensumens, fertriet of prikelberens.
Benammen by bern is dit in leechdrompelige wize wêropst al in soad resultaat helje kinst. It wurdt ek faak ynset by poppen dy't bygelyks lêst hawwe fan reflux of by bern dy't yn bêd plasse. Dêrneist wurdt it ek wis ynset by pubers en folwoeksenen, bygelyks by faalangst of ûnwissichheid.




Wat ha dyn eachen te fertellen?
Iriscopie
Iriscopy brûk ik yn myn praktyk as diagnostysk middel.
Yn de eagen sjoch ik nei de kleur, foarm en tekens dy't ynformaasje jaan oer dyn sûnens en oer dy as persoan. Bist nijsgjirrich wat dyn eagen te fertellen hawwe? Boek dan in iriscopy-konsult.
Trajecten
Ik bied ferskate trajecten oan dy't bydrage oan dyn sûnens. As do in oanfoljende fersekering hast, kinst in diel fan de kosten weromkrije fan de soarchfersekering (ôfhinklik fan dyn fersekering).
As do no op in natuerlike wize wurkje wolst oan dyn sûnens, of spesifyk in traineasje sykest foar menstruatieklachten, problemen mei befruchting of oergongsklachten, kies dan foar it Krachtige frou-traject.
En wolst graach in heal dosis selssoarch, dan is it pakket fan 3 massages perfekt om even hielendal te ûntspannen.
Sjoch ik dy gau?

Natuurgeneeskundig traject
By dit traject gean wy djipper yn op dyn sûnens, wa’tsto bist as persoan en hokker oanpassingensto noch dwaan kinst om dy sûner, lokkiger en frijer te fielen. Dit traject bestiet út:
Yntake (1,5 oere)
Irisskopie
In behannelplan op maat fia e-mail
Folgjen konsult (60 min)
Besjen hoe’t it giet
Miskien it behannelplan oanpasse
Djipgean op de 4 natuerkwaliteiten
Twadde folgjend konsult (60 min)
Besjen hoe’t it giet
Miskien it behannelplan oanpasse
Massage
Tredde folgjend konsult (60 min)
Besjen hoe’t it giet
Miskien it behannelplan oanpasse
Frij yn te foljen neffens dyn winsken

Krêftiche frou traject
Hast menstruatieklachten, oergongsklachten of wolst graach swanger wurde? Dit is in traject dêr’t wy djipper yn dyn sûnens duikje en dêr’tst as frou mear ferbining meitsje kinst mei dyn froulikens, bekken en baarmoeder. It traject bestiet út:
Yntake (1,5 oere)
Behannelplan op maat
Irisskopie
1e folgjend konsult (60 min)
Besjen hoe’t it giet
Miskien it behannelplan oanpasse
Lichaamsrjochte behanneling
2e folgjend konsult (60 min)
Besjen hoe’t it giet
Miskien it behannelplan oanpasse
Natuer fieding
3e folgjend konsult (60 min)
Besjen hoe’t it giet
Miskien it behannelplan oanpasse
Yoni steam of massage

Massage traject
3 ûntspannende massages fan 60 minuten om even te ûntspannen en ta rêst te kommen. It is echt de dosis selssoarch dy’tst soms nedich hast om wer op te laden! Ik brûk ferskate massagetechniken, lykas:
Bindweefselmassage
Cupping
Energetyske massage
Reflexology
Wy prate oer hoe’t it giet en watsto graach ontvange wost. En ik jou skikt advys.