Myn paad fan begelieding

Ien paad, trije yngongen

By Praktyk de Bûterblom wurkje ik mei in trochgeand paad fan begelieding.
Do kinst ynstappe wêr’tst no bist.

Guon froulju wolle earst even fiele.
Oaren witte: ik bin klear foar mear djipte.

Der is romte foar beide.

Oanbod

Lânje
 

Kennismakingssesje Natuerlike Begelieding

In earste momint fan oandacht en rêst.

Foar wa?
Foar froulju dy’t:

nijsgjirrich binne nei natuergeneeskunde
ferlet hawwe fan in momint foar harsels
earst fiele wolle oft der in klik is

Do kinst kieze út:

petear + massaazje
petear + iriscopie (foto + koarte ynterpretaasje)

Ynhâld:

1 konsult (± 60-75 minuten)
koart persoanlik advys

Ynvestearring

€77

Dizze sesje is ynstapber nei elk trajekt.

Bjusterbaarlijk frou wêzen

3-moanne trajekt 
In yngong om mear ferbining te meitsjen mei dyn froulikens wiisheid, bekken en baarmoeder. It bjusterbaarlijk frou wêzen. 

Foar wa?

hormonale klachten
wurgens of útputting
syklusproblemen
stress of burn-out klachten

Wat krijst yn 3 moanne?

útwreide intake + iriscopie (90min)
3 persoanlike konsulten (60 min)
Persoanlik behannelingsplan via de mail
lichemsbegelieding & massaazje
persoanlik krûdenadvys
fiedingsadvys
romte foar fragen (tusken troch via de mail/whatsapp)
Mear bewustwurding oer dyn sûns
Massaazje
 

Per konsult sjoche we wat d'r nedich is.

Ynvestearring

€349

Kinst streekrjocht ynstappe
Of nei de kennismakingssesje

Fûleindich frou wêzen

6-moanne trajekt
In paad foar romte foar fertraging.
Foar it wer fielen fan dyn lichem.
Foar de ferbining mei it lytse famke yn dy —
dat part dat wit hoe’t it is om frij, fûleinich en echt frou te wêzen.

Foar wa?

Foar froulju dy’t: 
al langere tiid klachten hawwe
har útput fiele
net mear werom wolle nei “hoe’t it wie”
mar foarút wolle, op in oare wize

Wat hâldt dit trajekt yn?

djippe intake + iriscopie (90 min)
6 konsulten, elke moanne ien (60min) 
Persoanlik behannelingsplan fia de  mail.
Persoanlik krúdenadvys
fiedings- en libbensstylbegelieding
lichemsbegelieding & massaazje
romte foar fraachen, tusken troch via de mail/whatsapp
Mear bewustwurding oer dyn sûns.

Dit trajekt beweecht mei dy mei, per konsult sjoche we wat d'r nedich is.

Ynvestearring

€697
(betelber yn terminen)

👉 Yn te stappen:

nei it 3-moanne trajekt of streekrjocht, nei oerlis

In protte klachten ûntsteane omdat ôffalstoffen yn it lichem efterbliuwe, krekt as in dûsput dy’t ferstoppe rekket. Dy meitsje wy skjin — dus wêrom it lichem net?

Wurkwize

 De 4 natuerkwaliteiten is in metoade dy't ik brûk yn de behanneling.
It jout ynsicht yn dyn patroanen en klachten. Eltsenien hat in bepaald patroan dat him bliuwend werhellet. Dit hast mei krigen yn de opfieding of troch in bepaalde barren dat ynfloed hân hat op dy as persoan. Dy patroanen kinne sykteferoarsakjend wêze, wat liedt ta klachten.

Mei in holistyske blik op de minske en de klachten besykje ik de fjouwer natuerkwaliteiten (waarm, kâld, focht, droech) dy't by elkenien oanwêzich binne, wer mear yn balâns te bringen. De organen stypje ik mei fytoterapy, mar ek mei fieding, Bachbloesems, lichemsoanrjochte terapy en libbensstyladvizen. Yn de trajekten gean we jir mei oan de slag en krijst gelyk mear djipgong en wiisheid oer hoe 't dyn liif wurket.

Behannelingen

'We sjoche samen wat by dij past en dêr set ik de behanneling op yn'

Goede (orthomolekulêre) fieding is essinsjeel foar ús sûnens.
It is ús brânstof en bouwstof om troch te libjen. Yn de natuergeneeskunde hat fieding dan ek in grutte betsjutting; in sûne basis kin al in soad yn beweging bringe. Dêrneist set ik fieding yn as medisyn.

Ofhinklik fan dyn klacht, de sterkte fan dyn organen en natuerkwaliteit, brûk ik fieding om dy te stypjen. It fiedingsadvys is hiel presys op maat foar dy makke. Wat foar de ien sûn wêze kin, kin foar de oar sykteferoarsakjend wêze. It is ús taak om tegearre te sjen wat by dy past en wat út te fieren is.
 
Fytoterapy wurdt ek wol krûdtherapy neamd.
It is in behanneling wêryn krûden brûkt wurde (bygelyks as tee of tinctuer) dy't hielendal by dy passe. It soarget derfoar dat de organen stipe en/of aktivearre wurde om ôfvalstoffen ôf te skuorren sûnder de organen te belêstjen.

Dêrneist sitte der ek krûden yn dy't by dyn klacht passe, en ik hâld rekken mei de natuerkwaliteiten. De therapy kin yn de foarm fan tee wêze, mar meastal brûk ik in tinctuer. In tinctuer is in ekstrakt fan krûden yn alkohol datsto ynnimst yn in glês wetter.
 
Massages, pakkingen (fan klei, kwark, lijnzaad), wikkels, foetebaden, visualisaasje-oefeningen, grûningsoefeningen, ademhalingsoefeningen, hydroterapy, cupping en reflexology binne allegear ûnderdielen fan lichemsoanrjochte terapy.
Ofhinklik fan dyn klacht set ik ien of in kombinaasje fan dizze behannelingen yn. Yn de praktyk leg ik út wat it krekt docht en hoe’tsto it eventueel thús tapasse kinst.

Neist de behannelingen doch ik ek oan gesichts- en lichemdiagnose. Ik kin ynformaasje helje út dyn gesicht, dyn hâlding en ik sjoch nei de reflexsônes. Dit nim ik mei yn myn diagnostyske fynsten. Tidens de behanneling nim ik ek myn yntuysje mei, dêr’t ik soms ynformaasje fan dy útpik; dat sil ik ek nei de behanneling mei dy bespreke.

Bachbloesemtherapy is ûntwikkele troch Dr. Bach.
Hy hat 38 ferskillende bloesems útsnien dy't in positive ynfloed hawwe op negative gemoedstoestannen of emosjes. Dit kin bygelyks brûkt wurde by angst, ûnwissichheid, wurgens, iensumens, fertriet of prikelberens.

Benammen by bern is dit in leechdrompelige wize wêropst al in soad resultaat helje kinst. It wurdt ek faak ynset by poppen dy't bygelyks lêst hawwe fan reflux of by bern dy't yn bêd plasse. Dêrneist wurdt it ek wis ynset by pubers en folwoeksenen, bygelyks by faalangst of ûnwissichheid.

 

Wat ha dyn eachen te fertellen?



Iriscopie

Iriscopy brûk ik yn myn praktyk as diagnostysk middel.
Yn de eagen sjoch ik nei de kleur, foarm en tekens dy't ynformaasje jaan oer dyn sûnens en oer dy as persoan. Bist nijsgjirrich wat dyn eagen te fertellen hawwe? Boek dan in iriscopy-konsult.

We hebben je toestemming nodig om de vertalingen te laden

Om de inhoud van de website te vertalen gebruiken we een externe dienstverlener, die mogelijk gegevens over je activiteiten verzamelt. Lees het privacybeleid van de dienst en accepteer dit, om de vertalingen te bekijken.