Oer my
Ik bin mem fan twa soannen.
En miskien is dat wol it wichtichste dat ik oer mysels fertelle kin.
Mem wurde hat my net allinnich feroare,
it hat my ek tichter by myn lichem brocht.
By wat it my fertelt.
En by hoe faak wy dêr oerhinne geane, om’t it libben troch moat.
Yn dy jierren ûntstie der in winsk.
In winsk om in plak te meitsjen foar froulju en memmen.
In plak dêr’tst even lânje meist.
Sûnder datst wat hoecht te bewizen.
Sûnder datst “sterk” wêze moatst.
Werom nei it lichem
Ik seach om my hinne safolle froulju dy’t:
- trochgiene wylst it lichem wat oars frege
- wurch wiene, mar net stilstiene
- klachten hiene, mar it fuortpraten
En ik herkende dat.
Ek yn mysels.
By Praktyk de Bûterblom begelied ik froulju dy’t mear ferbining wolle nei harren liif en hert.
Net troch der oan te lûken of te reparearjen,
mar troch wer te lústerjen.
In plak om te lânjen
Myn wurk is ûntstien út ûnderfining.
Ut it mem-wêzen.
Ut it wurk mei froulju.
En út it leauwen dat it lichem wiis is, as wy der mar romte foar meitsje.
Ik bin opliiden as natuergeneeskundige en ha in eftergrûn as ferpleechkundige.
Ik wurkje mei krûden, massaazje, fieding, Bachbloesems en petear.
Net as snelle oplossing,
mar as stipe yn in proses dat syn eigen tempo hat.
Gjin grutte wurden.
Wol oandacht.
En earlikheid.
Watst fan my ferwachtsje kinst
In waarm plak.
In iepen blik.
En begelieding dy’t mei dy meibeweecht.
Ik leau net yn ien manier dy’t foar elkenien wurket.
Wol yn ôfstiimming.
En yn it weromkommen by wat foar dy kloppet.
In útnoeging
Fielst dat dyn lichem om oandacht freget?
Of datst gewoan even lânje wolst?
Do bist wolkom.
Krekt sa’tst bist.
