Memmestiid, dyn herstel is krekt sa belangryk as de sûns fan dyn poppe. 

As mem hast in hiele swangerskip achter de rêch, hast hurd wurke by de befalling en dêrnei bist 24/7 dwaande mei it soargjen foar dyn poppe(s) en mei it herstellen fan de befalling.
Der komt in protte op dy ôf yn dizze perioade, sawol fysyk as emosjoneel. Dêrom bied ik by Praktyk de Bûterblom leafdefolle kraambehannelingen oan dy't de frou stypje, waarmje en ûntspanne. Echt in momint foar dysels om te lânjen yn it memme- wêzen, ek al is it dyn twadde of tredde bern.

By elke berte wurdst ek wer as mem berne, en it kostet tiid en romte om de balâns yn it gesin wer te finen.

 

Postpartum behandelingen

Dizze behannelingen bied ik yn pakketten oan en kinst se los by boeke.
Yn olle pakketten sit ek in massaazje ynbegrepen. Ik kom by dy thús mei al myn spullen, sadatsto lekker yn dyn eigen babybubbel bliuwe kinst. Tidens de behanneling is it handich as der immen oanwêzich is dy’t efkes op dyn berntsje passe kin, sadatsto dy folslein oerjaan kinst oan de behanneling. Der is romte om dyn lytse boarstfieding te jaan ast dat wolst. Leaver by my yn ’e praktyk komme? Dan bist fan herte wolkom!

 

Moxatherapie

 

Dit is in behanneling dy't waarmte tafoeget.
De moxastick is sigaarfoarmich mei it krûd bijfoet deryn. De moxastick wurdt oanstutsen en dêrnei boppe de hûd hâlden – dit fielt waarm oan.

Nei de befalling ferliest dyn lichem in protte waarmte, en mei moxa wurdt dy waarmte wer tafoege. Dit stimulearret bepaalde enerzjypunten, wêrtroch de trochbloeding op gong komt en blokkades opheft wurde.

Bengkung Belly binding

 

Dit is in metoade dy't brûkt wurdt om de búk fan de kraamfrou yn te binen mei in lange doek.
Dyn búk kin nei de befalling leech of fremd oanfiele en ek wat sêfter. Dan kin in belly bind hiel noflik wêze om te dragen. It helpt dy by dyn hâlding en jout dêrneist waarmte, stipe, koestering en in sêfte omhulling.

Dizze sesje kinst boeke fanôf 5 dagen nei de befalling oant en mei 6 wiken nei de befalling.
Der wurdt boarch frege, sadatsto de belly bind mei nei hûs nimme kinst en sels omdwaan kinst mei help fan in fideo.

Yoni steam
 

Dizze behanneling wurdt ek wol faginaal stomen neamd.
By dizze metoade nimt de frou plak op in spesjaal ûntwurpen stoomkruk, wêrby’t it ûnderliif ûntbleate is. Under de kruk stiet in kom mei hyt wetter en in mingsel fan krûden. De opstijgende, medisinale krûdedamp ferwaarmet de vulva, fagina en it bekkensône. Dit stimulearret djippe ûntspanning, herstel en kin help biede by it foarkommen fan ferskate sûnensklachten.

Tidens it stomen wurdt de frou begelaat, en der wurdt in waarme tekkens oerlêin om it lichem waarm te hâlden.

Rizinusoalje búkpakking

 

Rizinusoalje (castorolie) is in dikke, romige oalje.
Dizze waarme en rike oalje jout stipe en waarmte oan it lichem. By de behanneling wurdt de búk earst massearre mei rizinusoalje. Dêrnei wurdt der in waarme krûk op pleatst en wurdt de búk waarm en goed ynpakt.

Memmestiid

In genêzende behanneling foar dyn búk, in sêfte en leafdefolle omhulling dy't soarget foar beskerming, stipe, waarmte en rêst.

It pakket bestiet út:

• waarmende moxa
• genêzende búkmassaazje
• rizinusoalje búkpakkingen
• rech-, nek- en skouder massaazje 
• bengkung buikwikkeling
• ynstruksje om dysels yn te binen

120 minuten

Ynvestearring: €177,-

Wolst in ekstra of losse sesje? Dat kin altyd! Nim kontakt mei my op foar mear ynformaasje.

Memmestiid deluxe

In massaazje helpt dy wer yn kontakt te kommen mei dyn lichem. Nei in befalling kin dyn lichem oars of frjemd oanfiele – dyn búk fielt miskien leech, do hast spierpine of it kin wêze datsto it gefoel hast noch net hielendal telâne kommen te wêzen nei alles wat der bard is. Troch in massaazje te ûntfangen, nûgesto dyn lichem en geast út om te ûntspannen en nei binnen te kearen.

Dit pakket bestiet út:

foargesprek
lichemsmassaazje
herstellende moxa
rizinusoalje búkpakking
ferwarmende tee

150 minuten

Ynvestearring: €197

Wolkom mem seremoanje

''Do wurdst koestere en bewûndere, fiede en fersoarge, waarme en seëngene.''

Dit is in 3 oeren duorjend ritueel wêrby’t de frou dy't krekt berne hat, wolkom hjitten wurdt yn it memme-wêzen.
Do krijst de romte om dyn ferhaal te fertellen oer de swangerskip, befalling, de earste moeting mei dyn poppe(s) en hoe’tsto de earste wiken nei de befalling ûnderfûn hast. Ik bin der mei folsleine oandacht en ik harkje nei dy. Tidens dizze seremoanje stiet ús stil by de oergong fan it (wer) memme wurde. Alle emoasjes dy'tsto hast, meie der wêze en dield wurde. Do wurdst koestere en bewûndere, fiede en fersoarge, waarme en seëngene.

De seremoanje omfiemet:

Reinichend foetbad
Genêzende aromatyske lichemmassaazje
 Ynwikkeling & winsk foar it memme-wêzen
waarmende tee
Iets lekkers om har smaakpapillen te fersoargjen

Ynvestearring: €227,-

Bjusterbaarlik mem wêzen

It Bjusterbaarlik mem wêzen bestiet út meardere sesjes dy't optimale stipe jouwe oan de mem.

Dizze binne sa opsteld dat de mem in pear kearen werom komme kin en in oantal kearen oandacht jaan kin oan harsels en har lichem. Dêrmei kin se faker en djipper ûntspanne, giet it herstel flugger en it foardiel is dat de mem in band mei my opbouwe kin. As der fragen of útdagingen binne, kinne wy der oer prate en jou ik eventueel advys.

3 SESSIES

Earste sesje by dy thús
herstellende moxa behanneling
genêzende búkmassaazje
rizinusoalje búkpakkingen
foetmassaazje
bengkung belly bind

Twadde sesje by dy thús
faginaal stoombad
herstellende moxa behanneling
genêzende búkmassaazje
rizinusoalje búkpakkingen
waarmende rêg- & nekmassaazje
bengkung belly bind

Tredde sesje yn de praktyk (of by dy thús)
genêzende lichemmassaazje
koesterjende ynwikkeling
winsk foar it memme-wêzen 

Totaal: 8 oeren beglieding

Ynvestearring: €637,-

Memmestiid foar tús

Ynkoarten yn de webshop fynst natuerlike produkten dy’t mei soarch gearstald binne.
Krûden, tinctueren, en lytse pakketten foar froulju en memmen dy’t har lichem stypje wolle.

Gjin oerstallich gedoch.
Gjin snelle beloftes.

Wol suvere yngrediïnten, mei oandacht keazen.
As ferlinging fan it wurk yn de praktyk.

Foar wa’t sels al lytse stappen sette wol.
Of as stipe by in trajekt.

We hebben je toestemming nodig om de vertalingen te laden

Om de inhoud van de website te vertalen gebruiken we een externe dienstverlener, die mogelijk gegevens over je activiteiten verzamelt. Lees het privacybeleid van de dienst en accepteer dit, om de vertalingen te bekijken.