Foar froulju yn alle fazen fan it frou-wêzen.
En yn it bysûnder rûnom swangerskip, berte en memwêzen.
Praktyk de Bûterblom
Miskien herkenst dat:
do al lange tiid wurch bist
dyn lichem net mear fielt as earder
do in soad draachst, foar oaren én foar dysels
do út dyn syklus of balâns rekke bist
der in langstme is nei rêst en ferbining
Do hoechst dêr net allinne yn te wêzen.
In plak dêr’t froulju wer thús komme yn harren lichem.
Soms flústert dyn lichem.
Soms ropt it wat lûder.
Mei wurgens.
Mei ûnrêst.
Mei klachten dy’t mar net echt fuortgeane.
Of gewoan mei it gefoel datst dysels kwyt rekke bist yn de drokte fan it libben.
Faak binne dat gjin tekens dat der wat mis is.
Mar in útnoeging om te fertragen.
Om te lânjen.
Om te lústerjen.
Om werom te kommen by dysels.
By Praktyk De Bûterblom kinst even ophâlde mei trochgean.
En wer yn ferbining komme mei dyn liif.
Foar froulju yn alle fazen fan it frou-wêzen.
En yn it bysûnder rûnom swangerskip, berte en memwêzen.
Myn wize fan wurkjen
Yn myn praktyk wurkje ik net allinne oan klachten.
Mar oan it weromkommen nei it gehiel.
Ik wurkje mei:
- krûden
- fiedings- en libbensstyladvys
- lichemsbegelieding en massaazje
- Bachbloesemtherapie
- iriscopy
- postpartum begelieding
Net om it lichem te reparearjen.
Mar om wer romte te meitsjen foar wat al oanwêzich is.
Moxa
Belly bind
Búkpakking
Yoni steam
Rituelen

Foar memmen
Nei de berte is d'r in poppe berne,
En in mem.
Yn Praktyk de Bûterblom is der romte foar memmen dy’t:
- herstelle wolle nei de berte
- stipe sykje yn in kwetsbere perioade
- net allinnich “troch wolle”, mar echt bykomme
Frouljessûns
Wy sjogge nei dy as gehiel.
Net allinne nei de klacht.
Mar nei wat dyn liif fertelle wol.
By hormonale ûnbalâns, wurgens, syklusklachten of it gefoel datst net mear yn ferbining bist mei dysels. Sjoch foar myn trajekten; lânje, bjusterbaarlik frou wêzen en fûleindich frou wêzen en fiel wat by dy past.





Selssoarch foar tús
Of as kado foar dyn dochter, freondin, frou, buorfrou, kollega
Ynkoarten fynst yn de webshop:
- krûdenmixen
- tinctueren
- mini-pakketten foar memmen
- digitale e-books
- In ferlingde fan myn praktyk, foar thús.
''By Praktyk de Bûterblom krijst gjin snelle oplossingen, mar earlike begelieding.''
Ferhalen fan froulju
Oer my
Doe’t ik sels mem waard, feroare myn blik op it froulike lichem.
Ik seach hoe djip in frou feroaret — en hoe min romte der faak is foar herstel.
Praktyk de Bûterblom is ûntstien út in winsk:
froulju in plak jaan dêr’t se net hurder hoege, mar mear romte krije.

Fielst in 'JA'?
Do bist wolkom, krekt sa’tst bist.
Soms is de earste stap lyts
Soms is in earste stap lyts.
In brief lêze.
In ynsjoch.
In momint fan erkenning.
Dêrom diel ik ek wurden en ynspiraasje oer frouljussûnens, memwêzen en herstel.









