Natuerlike begelieding foar froulju en memmen
Praktyk de Bûterblom
Soms giet it net mear sa’t it gie.
Dyn lichem jout sinjalen.
Wurgens. Unrêst. In syklus dy’t út balâns is.
Of in lichem dat nei de berte net fansels wer meigiet.
Praktyk de Bûterblom is in plak foar froulju en memmen.
Dêr’tst even lânje meist.
Sûnder datst wat hoecht te bewizen.
Sûnder datst “sterk” wêze moatst.
Om wer te lústerjen nei wat dyn lichem dy fertelle wol.
Do hoechst it net allinnich út te sykjen.
In plak dêr’t froulju wer thús komme yn harren lichem.
Soms flústert dyn lichem.
Soms ropt it wat lûder.
Ik bin Hendrikje, natuergeneeskundige en mem.
Yn myn praktyk begelied ik froulju dy’t klachten ûnderfine en werom wolle nei balâns, fanút harren eigen krêft. Foar frouwen dy't werom wolle nei de basis, de natuer en it fûleindich frou wêzen.
Ik wurkje mei:
- krûden
- fiedings- en libbensstyladvys
- lichemsbegelieding en massaazje
- Bachbloesemtherapie
- iriscopie
- begelieding by herstel nei de berte
Net om it lichem te “reparearjen”,
mar om it wer romte te jaan.
Oanbod
IEN PAAD, MEARDERE YNGONGEN
Herstel is gjin rjochte line.
Dêrom wurkje ik mei in trochgeand paad fan begelieding.
Do kinst ynstappe wêr’tst no bist.

Lânje
Kennismaking sesje
In earste momint fan oandacht en rêst.
Petear mei massaazje of iriscopie.

Bjusterbaarlik frou wêzen
3 moanne
Foar froulju mei hormonale klachten, wurgens en syklusproblemen.

Fuleindich frou wêzen
6 moanne
Foar froulju dy’t djipper wurkje wolle oan herstel.

Memmestiid
postpartum
Spesjaal foar memmen yn de postpartum perioade.
Werom in trajekt?
Om 't it lichem tiid nedich hat.
Om 't feroaring net sit yn ien momint, mar yn oandacht oer tiid.
Yn myn trajekten krijst:
- persoanlike begelieding
- romte foar dyn ferhaal
- natuerlike stipe
- Laagdrempelig kontakt
Alles wurdt ôfstimd op dy.
Gjin standertplan, mar in paad dat by dy past.
''By Praktyk de Bûterblom krijst gjin snelle oplossingen, mar earlike begelieding.''
Moxa
Belly bind
Búkpakking
Yoni steam
Rituelen

Foar memmen
Nei de berte is d'r in poppe berne,
En in mem
Yn Praktyk de Bûterblom is der romte foar memmen dy’t:
- herstelle wolle nei de berte
- stipe sykje yn in kwetsbere perioade
- net allinnich “troch wolle”, mar echt bykomme




Selssoarch foar tús
Of as kado foar dyn dochter, freondin, frou, buorfrou, kollega
Ynkoarten fynst yn de webshop:
- krûdenmixen
- tinctueren
- mini-pakketten foar memmen
- digitale e-books
- In ferlingde fan myn praktyk, foar thús.
Oer my
Doe’t ik sels mem waard, feroare myn blik op it froulike lichem.
Ik seach hoe djip in frou feroaret — en hoe min romte der faak is foar herstel.
Praktyk de Bûterblom is ûntstien út in winsk:
froulju in plak jaan dêr’t se net hurder hoege, mar mear romte krije.

Reviews
Fielst in 'JA'?
Do bist wolkom, krekt sa’tst bist.
Meer ynfo?
Wost mear oer my witte? Sjoch dat myn instagram side of nim kontakt mei my op.









