Natuerlike begelieding foar froulju en memmen

Praktyk de Bûterblom

Soms giet it net mear sa’t it gie.
Dyn lichem jout sinjalen.
Wurgens. Unrêst. In syklus dy’t út balâns is.
Of in lichem dat nei de berte net fansels wer meigiet.
 
Praktyk de Bûterblom is in plak foar froulju en memmen.
Dêr’tst even lânje meist.
Sûnder datst wat hoecht te bewizen.
Sûnder datst “sterk” wêze moatst. 
Om wer te lústerjen nei wat dyn lichem dy fertelle wol. 
Do hoechst it net allinnich út te sykjen.

In plak dêr’t froulju wer thús komme yn harren lichem.

Soms flústert dyn lichem.
Soms ropt it wat lûder.

Ik bin Hendrikje, natuergeneeskundige en mem.
Yn myn praktyk begelied ik froulju dy’t klachten ûnderfine en werom wolle nei balâns, fanút harren eigen krêft. Foar frouwen dy't werom wolle nei de basis, de natuer en it fûleindich frou wêzen.

Ik wurkje mei:

  • krûden 
  • fiedings- en libbensstyladvys
  • lichemsbegelieding en massaazje
  • Bachbloesemtherapie
  • iriscopie
  • begelieding by herstel nei de berte

Net om it lichem te “reparearjen”,
mar om it wer romte te jaan.

Oanbod

IEN PAAD, MEARDERE YNGONGEN

Herstel is gjin rjochte line.
Dêrom wurkje ik mei in trochgeand paad fan begelieding.

Do kinst ynstappe wêr’tst no bist.

Lânje

Kennismaking sesje

In earste momint fan oandacht en rêst.
Petear mei massaazje of iriscopie.

Bjusterbaarlik frou wêzen 

3 moanne

Foar froulju mei hormonale klachten, wurgens en syklusproblemen.

Fuleindich frou wêzen

6 moanne

Foar froulju dy’t djipper wurkje wolle oan herstel.

Memmestiid

 postpartum

Spesjaal foar memmen yn de postpartum perioade.

Werom in trajekt?

Om 't it lichem tiid nedich hat.
Om 't feroaring net sit yn ien momint, mar yn oandacht oer tiid.

Yn myn trajekten krijst:

  • persoanlike begelieding
  • romte foar dyn ferhaal
  • natuerlike stipe
  • Laagdrempelig kontakt

Alles wurdt ôfstimd op dy.
Gjin standertplan, mar in paad dat by dy past.

''By Praktyk de Bûterblom krijst gjin snelle oplossingen, mar earlike begelieding.''

Moxa
Belly bind
Búkpakking
Yoni steam
Rituelen

Foar memmen

Nei de berte is d'r in poppe berne,
En in mem

Yn Praktyk de Bûterblom is der romte foar memmen dy’t:

  • herstelle wolle nei de berte
  • stipe sykje yn in kwetsbere perioade
  • net allinnich “troch wolle”, mar echt bykomme

Selssoarch foar tús

Of as kado foar dyn dochter, freondin, frou, buorfrou, kollega 

Ynkoarten fynst yn de webshop:

  • krûdenmixen
  • tinctueren
  • mini-pakketten foar memmen
  • digitale e-books
  • In ferlingde fan myn praktyk, foar thús.

Oer my

Doe’t ik sels mem waard, feroare myn blik op it froulike lichem.
Ik seach hoe djip in frou feroaret — en hoe min romte der faak is foar herstel.

Praktyk de Bûterblom is ûntstien út in winsk:
froulju in plak jaan dêr’t se net hurder hoege, mar mear romte krije.

Reviews

Fielst in 'JA'?
Do bist wolkom, krekt sa’tst bist.

Meer ynfo?

Wost mear oer my witte? Sjoch dat myn instagram side of nim kontakt mei my op. 

Kontakt formulier

Ik ga ermee akkoord dat deze gegevens worden opgeslagen en verwerkt met het doel contact op te nemen. Ik ben me ervan bewust dat ik mijn toestemming op elk moment kan intrekken.*

* Geeft verplichte velden aan
Bericht is succesvol verzonden

We hebben je toestemming nodig om de vertalingen te laden

Om de inhoud van de website te vertalen gebruiken we een externe dienstverlener, die mogelijk gegevens over je activiteiten verzamelt. Lees het privacybeleid van de dienst en accepteer dit, om de vertalingen te bekijken.