Holistyske begelieding foar froulju op in natuerlike wize.
Praktyk de Bûterblom is in waarm plak foar froulju dy’t sykje nei natuerlike en holistyske begelieding.
Hast lêst fan menstruaasjeproblemen, swierrichheden mei de fruchtberens, klachten yn ‘e swangerskip of fragen oer de kraamtiid en it memwêzen? Fielst dy wolris oerweldige en hast ferlet fan mear rêst en romte foar dysels?
Hjir bist op it goede plak.
Mei in holistyske oanpak en in breed oanbod oan natuerlike behannelingen bied ik dy in feilich paad nei mear ynsjoch, fertrouwen en sels ûntjouwing. Do wurdst sjoen, heard en stipe – sa’tst echt bist.
Doch de stap, pak de regy oer dyn sûnens en ûntdek de krêft dy't al yn dy sit.
Wa bin ik?
Hoi, ik bin Hendrikje – mem fan twa prachtige jonges en grutbrocht op it Fryske plattelân. As bern wie ik faak bûten te finen: yn ’e natuer, tusken de fjilden, ûnder de loft. Dy ferbining mei de natuer sit djip yn my.
Yn 2017 bin ik ôfstudearre as ferpleechkundige. It wurk mei minsken lei my goed, mar dochs fielde it net hielendal as myn paad. Ik miste wat – romte, ferbining, de natuer. Dêrom bin ik op ’e siik gien nei wat better by my past.
Yn 2023 ha ik myn oplieding ta natuergeneeskundige ôfmakke oan de Nederlânske Akademy foar Natuergeneeskunde yn Zaltbommel. No wurkje ik út myn eigen praktyk wei, dêr’t ik minsken begelied yn harren syktocht nei mear bewustwêzen, sûnens en lok – mei de natuer as wichtige partner.
Minsken omskriuwe my as nuchter, meilibjend en soarchsum. Ik fyn it belangryk dat eltsenien har sjoen fielt. Dêrom nim ik de tiid, harkje ik écht, en jou ik oandacht dy't oprjocht is.
Fiel dy wolkom.

''Ik fyn it belangryk dat eltsenien harren sjoen en jerd fielt''
Natuergenêskunde
De natuer hat al hiel lang in grutte ynfloed op it behanneljen en foarkommen fan klachten. Ik sjoch nei de minske as gehiel, sûnder in skieding tusken lichem en geast. Yn de natuergeneeskunde gean wy út fan de minske as in samensetting fan it fysike, mentale, emosjonele, sosjale en spirituele. Al dizze kanten fertsjinje omtinken as it giet om dyn sûnens.
Klachten komme faak troch dat ôffalstoffen yn it lichem ophâlde, omdat ien of mear fan de útskiedingsorganen (lykas de lever, spiisfertarring, luchtwegen, urinewegen of de hûd) net goed wurkje.
Sammen sjogge wy nei alle kanten fan dyn sûnens. Mei in holistyske blik bringe wy dyn lichem en geast wer yn balâns, sadatsto dy wer better, sûner en lokkiger fiele kinst. Ik nim de tiid om echt te harkjen en mei dy te fieren wat foar dy it bêste wurket.
Fiel dy frij om kontakt op te nimmen, dan kinne wy tegearre de folgjende stap sette.
Klachten
Yn beide fan myn swangerskippen en de perioade dêrnei hie ik hiel dúdlik it gefoel dat ik wat dwaan woe op it mêd fan konsepsje, swangerskip, kraamfroulju en memmeskip. Dêr’tst tinkst oan dingen as:
- menstruatieklachten
- problemen mei befruchting
- kwaaltjes tidens de swangerskip
- postpartum-depressy
- kraamfroulju of memmen dy’t graach in kraambehanneling wolle
- muoite of fragen dy’t by it memmeskip hearre
Ik haw ferskate pakketten gearstald dy't natuerlike stipe biede by dizze klachten.
Trajecten
Ik bied ferskate trajecten oan dy't bydrage oan dyn sûnens. As do in oanfoljende fersekering hast, kinst in diel fan de kosten weromkrije fan de soarchfersekering (ôfhinklik fan dyn fersekering).
As do no op in natuerlike wize wurkje wolst oan dyn sûnens, of spesifyk in traineasje sykest foar menstruatieklachten, problemen mei befruchting of oergongsklachten, kies dan foar it Krachtige frou-traject.
En wolst graach in heal dosis selssoarch, dan is it pakket fan 3 massages perfekt om even hielendal te ûntspannen.
Sjoch ik dy gau?

Natuurgeneeskundig traject
By dit traject gean wy djipper yn op dyn sûnens, wa’tsto bist as persoan en hokker oanpassingensto noch dwaan kinst om dy sûner, lokkiger en frijer te fielen. Dit traject bestiet út:
Yntake (1,5 oere)
Irisskopie
In behannelplan op maat fia e-mail
Folgjen konsult (60 min)
Besjen hoe’t it giet
Miskien it behannelplan oanpasse
Djipgean op de 4 natuerkwaliteiten
Twadde folgjend konsult (60 min)
Besjen hoe’t it giet
Miskien it behannelplan oanpasse
Massage
Tredde folgjend konsult (60 min)
Besjen hoe’t it giet
Miskien it behannelplan oanpasse
Frij yn te foljen neffens dyn winsken

Krachtige frou traject
Hast menstruatieklachten, oergongsklachten of wolst graach swanger wurde? Dit is in traject dêr’t wy djipper yn dyn sûnens duikje en dêr’tst as frou mear ferbining meitsje kinst mei dyn froulikens, bekken en baarmoeder. It traject bestiet út:
Yntake (1,5 oere)
Behannelplan op maat
Irisskopie
1e folgjend konsult (60 min)
Besjen hoe’t it giet
Miskien it behannelplan oanpasse
Lichaamsrjochte behanneling
2e folgjend konsult (60 min)
Besjen hoe’t it giet
Miskien it behannelplan oanpasse
Natuer fieding
3e folgjend konsult (60 min)
Besjen hoe’t it giet
Miskien it behannelplan oanpasse
Yoni steam of massage

Massage traject
3 ûntspannende massages fan 60 minuten om even te ûntspannen en ta rêst te kommen. It is echt de dosis selssoarch dy’tst soms nedich hast om wer op te laden! Ik brûk ferskate massagetechniken, lykas:
Bindweefselmassage
Cupping
Energetyske massage
Reflexology
Wy prate oer hoe’t it giet en watsto graach ontvange wost. En ik jou skikt advys.
Metoade
De 4 natuerkwaliteiten is in metoade dy't ik brûk yn de behanneling. It jout ynsicht yn dyn patroanen en klachten. Eltsenien hat in bepaald patroan dat him werhellet; dat kinst meikrigen hawwe fanút dyn opfieding of troch in bepaalde belibbing dy’t ynfloed op dy hat as persoan. Dizze patroanen kinne sykteferoarsakjend wêze, wêrtrochsto klachten krijst.
Troch mei in holistyske blik nei de minske en syn klachten te sjen, besykje ik de fjouwer natuerkwaliteiten (waarm, kâld, focht, droech) dy’t by eltsenien oanwêzich binne, wer mear yn balâns te bringen. De organen stypje ik mei fytoterapy, mar ek mei fieding, Bachbloesems, lichaamsrjochte therapy en advizen oer leefstyl. Sa soargje wy derfoar datsto fan dyn klachten ôf komt (sjoch mear ynformaasje oer dit ûnder behannelingen).
By it earste konsult (1,5 - 2 oeren) hawwe wy it oer dyn resinte klacht(en) en freegje ik noch mear om in folslein byld fan dy as persoan te krijen. Ik kin de krêft fan de organen útfine oan de hân fan de klachten dy’tsto hast, mar ek fan it gesicht, lichem en de iris. Nei it petear stel ik in behannelplan op, dat ik dy tastjoer en dat wy trochprate by it twadde konsult. It behannelplan is op maat makke, ôfhinklik fan dyn klacht, de krêft fan dyn organen en hokker natuerkwaliteiten mear omtinken nedich hawwe.
Fan it twadde konsult ôf duorret in ôfspraak sa’n 60 minuten.
Lieve woorden:
''Door middel van fytotherapie geen last meer van chronische blaasontstekingen''
Lieve woorden
Hendrikje heeft een hele fijne manier van begeleiden en ik heb goeie tips gekregen. Ik heb ook een mama ceremonie gedaan bij Hendrikje. Dit was heerlijk ontspannen en bijzonder. Ik heb mooie nieuwe inzichten gekregen over het moederschap en voelde ontzettend veel dankbaarheid! Een aanrader dus!
Lieve woorden
Hendrikje staat altijd voor je klaar met een luisterend oor. De sfeer is fijn en erg comfortabel. Ze bekijkt het probleem en de klachten met een breed perspectief waardoor je verschillende klachten ook weer aan elkaar kunt verbinden. Vervolgens schrijft Hendrikje een passend advies en schrijft ze een kruidentinctuur voor waarmee de klachten flink verminderen. Een bezoek is zeker de moeite waard!
De beste soarch foar dij as (kersverse) mem!
As mem hast in hiele swangerskip efter de rêch, hast hurd wurke tidens de befalling en bist dêrnei 24/7 dwaande mei it soargjen foar dyn bern. Tagelyk bist noch dwaande mei it herstellen fan de befalling. Der komt in soad op dy ôf yn dizze tiid, sawol fysyk as emosjoneel.
Dêrom bied ik leafdefolle kraambehannelingen oan dy't de frou stypje, waarmje en ûntspanne. It is echt in momint foar dysels om wer te landen yn it moederschap, ek al is it dyn twadde of tredde bern. By elke berte wurdst ek wer as mem berne, en it kostet tiid en romte om de balâns yn it gesin wer te finen.
Postpartum behandelingen
Dizze behannelingen bied ik los en yn pakketten oan.
Yn de measte pakketten sit ek in massaazje ynbegrepen. Ik kom by dy thús mei al myn spullen, sadatsto lekker yn dyn eigen babybubbel bliuwe kinst. Tidens de behanneling is it handich as der immen oanwêzich is dy’t efkes op dyn berntsje passe kin, sadatsto dy folslein oerjaan kinst oan de behanneling. Der is romte om dyn lytse boarstfieding te jaan ast dat wolst. Leaver by my yn ’e praktyk komme? Dan bist fan herte wolkom!
Sjoch hjir foar alle pakketten dy’t ik oanbied!

Moxatherapie
Dit is in behanneling dy't waarmte tafoeget.
De moxastick is sigaarfoarmich mei it krûd bijfoet deryn. De moxastick wurdt oanstutsen en dêrnei boppe de hûd hâlden – dit fielt waarm oan.
Nei de befalling ferliest dyn lichem in protte waarmte, en mei moxa wurdt dy waarmte wer tafoege. Dit stimulearret bepaalde enerzjypunten, wêrtroch de trochbloeding op gong komt en blokkades opheft wurde.

Bengkung Belly binding
Dit is in metoade dy't brûkt wurdt om de búk fan de kraamfrou yn te binen mei in doek fan 17 meter lang.
Dyn búk kin nei de befalling leech of fremd oanfiele en ek wat sêfter. Dan kin in belly bind hiel noflik wêze om te dragen. It helpt dy by dyn hâlding en jout dêrneist waarmte, stipe, koestering en in sêfte omhulling.
Dizze sesje kinst boeke fanôf 5 dagen nei de befalling oant en mei 6 wiken nei de befalling.
Der wurdt boarch frege, sadatsto de belly bind mei nei hûs nimme kinst en sels omdwaan kinst mei help fan in fideo.

Yoni steam
Dizze behanneling wurdt ek wol faginaal stomen neamd.
By dizze metoade nimt de frou plak op in spesjaal ûntwurpen stoomkruk, wêrby’t it ûnderliif ûntbleate is. Under de kruk stiet in kom mei hyt wetter en in mingsel fan krûden. De opstijgende, medisinale krûdedamp ferwaarmet de vulva, fagina, baarmoer en it bekkensône. Dit stimulearret djippe ûntspanning, herstel en kin help biede by it foarkommen fan ferskate sûnensklachten.
Tidens it stomen wurdt de frou begelaat, en der wurdt in waarme tekkens oerlêin om it lichem waarm te hâlden.

Rizinusoalje búkpakking
Rizinusoalje (castorolie) is in dikke, romige oalje.
Dizze waarme en rike oalje jout stipe en waarmte oan it lichem. By de behanneling wurdt de búk earst massearre mei rizinusoalje. Dêrnei wurdt der in waarme krûk op pleatst en wurdt de búk waarm en goed ynpakt.
'Health is adding a level of attention to every area of your life'
Meer info?
Wil je meer lezen over mij en over mijn praktijk? Kijk op mijn instagram pagina of klik hier voor mijn blog.